Lintsje foar Freerk Siegersma

02 feb 2012 - 18:38

Freerk Siegersma fan Berltsum hat tongersdei in lintsje krigen. Hy is lid wurden yn de oarder fan Oranje Nassau. Loko-boargemaster Lute Pen brocht Siegersma it moaie nijs. Siegersma is sûnt 1996 gemeenteriedslid foar de FNP, mar nei 16 jier komt dêr fanwege sûnensproblemen in ein oan.

Neist it riedswurk hat Siegersma ek aktyf west op oare maatskiplike terreinen. Sa hat er de fuotbalklup fan Berltsum mei oprjochte en is hy foarsitter fan de pleatslike fûgelwacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)