Lintsje foar Emke Peterson

23 sep 2014 - 20:49
  • Keninklike ûnderskieding foar Emke Peterson

De 64-jierrige Emke Peterson út Damwâld is tiisdeitejûn keninklik ûnderskieden. Peterson is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Hy krige de ûnderskieding fanwege syn wurk yn de polityk. Peterson hat ferskate perioaden riedslid west yn de gemeenteried fan Dantumadiel. Hy is sûnt 29 april 2014 wethâlder yn de gemeente. It lintsje waard foarôfgeand oan de gearkomste fan de gemeenteried útrikt troch boargemaster Sicko Heldoorn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)