Lintsje foar Cees Buisman

30 sep 2013 - 13:56
  • De lustrumkonferinsje fan Wetsus yn De Harmonie

Cees Buisman, lid fan de ried fan bestjoer fan wettertechnologyinstitút Wetsus, is moandei keninklik ûnderskieden. Hy krige it lintsje opspjelde troch minister Schultz van Haegen oan it begjin fan it twadde lustrumkongres fan Wetsus. Buisman is as heechleraar Biologyske Kringlooptechnology ferbûn oan de universiteit fan Wageningen. Hy is ûnderskieden foar syn belangrike wurk foar de wittenskip.

Buisman hat him altyd sterk makke foar de ferbining tusken universiteiten en bedriuwen. Hy is syn karriêre begûn by Paques yn Balk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)