Lintsje foar brânwachten

14 jan 2007 - 08:37

Fjirtjin leden fan de frijwillige brânwacht yn Opsterlân hawwe sneon in keninklike ûnderskieding krigen. De fjirtjin waarden beneamd ta Lid in de Orde van Oranje-Nassau. Se krigen har ûnderskieding útrikt troch boargemaster Heldoorn fan Opsterlân op de nijjiersbyienkomst fan de brânwacht.

Alle fjirtjin binne tweintich jier of langer aktyf by de brânwacht. Sûnt koart kin dat beleane wurde mei in keninklike ûnderskieding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)