Lintsje foar biljerter

30 sep 2011 - 21:30

De penningmeester fan biljertklup De Kromme Keu fan Skingen/Slappeterp is freed beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Seerp Broersma wie yn 1987 ien fan de oprjochters fan de klup. Ek organisearret er sûnt dy tiid de kompetysje en hâldt er de stân by.

Broersma krige syn ûnderskieding opspjelde troch boargemaster Van Delft fan Menameradiel. Dat die se by de earste byienkomst fan it 25e seizoen. Broersma is ek aktyf yn oare ferienings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)