Lintsje foar akupunkturist

30 mrt 2007 - 20:57

Akupunkturist Rotteveel Mansveld út Noardburgum hat freed in keninklike ûnderskieding krigen. Hy waard beneamd ta Ridder in de Orde van Oranje Nassau. Rotteveel Mansveld begûn syn karriêre as fysioterapeut, mar koe dat wurk fanwege de sykte Multiple Sclerose net mear dwaan.

Hy folge dêrnei in oplieding foar akupunkturist en betocht op dat gebiet ferskate behannelmetoaden. Ek begûn er syn eigen behannelsintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)