On-line skake mei Yge Visser

27 apr 2004 - 00:00

Fan freed ôf kin it Fryske publyk fia de website fan Omrop Fryslân skake tsjin Yge Visser (40), de Fryske dielnimmer oan it NK Skaken yn Ljouwert. De partij Yge - de rest fan Fryslân begjint yn radioprogramma Omnium. Visser skaakt mei wyt, it publyk kin fia www.omropfryslan.nl tsjinsetten ynstjoere. De set dy't it faakst foarsteld wurdt wurdt dien.

Fan moandei ôf is der alle dagen in set yn Omnium, oant de partij dien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)