Lindewyk krijt flinterbeammen

05 apr 2008 - 12:48
  • bern biede de flinterstruken oan
  • in strjitnambuordsje yn de Lindewyk

De Lindewyk yn Wolvegea wurdt de wyk mei de measte flinters fan Fryslân. Altearst dat wol de gemeente Weststellingwerf. Net allinnich de strjitten binne neamd nei flinters, ek hawwe alle bewenners in flinterbeam krigen. In groepke bern mocht de plantsjes útdiele.

De flinterpopulaasje yn de wyk moat sa foars ferbettere wurde. It inisjatyf komt fan de lanlike flinterstichting dy't dit jier 25 jier bestiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)