Lindewijk moat opnij oanbestege

21 jan 2005 - 16:28

Weststellingwerf moat de oanbesteging fan de oanlis fan de Lindewijk yn Wolvegea opnij dwaan. Dat hat de rjochter bepaald. De saak wie oanspand troch Van der Wiel út Drachten. Dat koe de wyk oanlizze foar 7,17 miljoen. De gemeente gunde de opdracht lykwols oan Heijmans út Rosmalen, dat it wurk foar 7,23 miljoen dwaan koe.

De gunning waard dien op grûn fan in puntesysteem. Neffens Van der Wiel en de rjochter wurket dat systeem net goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)