Linders nei WK turnjen

26 jul 2003 - 00:00

Loes Linders fan It Hearrenfean is selektearre foar it WK turnjen yn Amearika. De junioare draait mei yn de top fan Nederlân. Yn Parys docht se mei oan de Jeugd Olympyske dagen.

Fjouwer fan de sân famkes binne no selektearre foar it WK. Berber van den Berg fan It Hearrenfean hat ek noch in kâns om selektearre te wurden. Takom wykein wurdt besjoen oft sy foldwaande hersteld is fan har blessueres.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)