Lindenoord oernaam

04 maaie 2011 - 19:54

Huize Lindenoord yn Wolvegea wurdt oernaam troch de stifting Staten en Stinzen. De ried fan Weststellingwerf woe it markante gebou ferkeapje om't it al skoften leech stie. Tsjinstanners fine lykwols dat Lindenoord fan grutte histoaryske wearde is en dêrom yn hannen fan de gemeente bliuwe moat.

De stifting sil yn gearwurking mei in wurkgroep it gebou oernimme. Neffens dy wurkgroep is der gjin bettere nije eigner tinkber as de stifting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)