Linde moat natuerlike loop krije

27 jun 2003 - 00:00

Nettsjinsteande dat er net folle jild is, is tongersdei yn Noardwâlde dochs de nije lânynrjochtingskommisje Beekdal-Linde ynstallearre. De kommisje moat noch 400 bunder lân oankeapje fan boeren oan de Linde om it mooglik te meitsjen it rivierke syn natuerlike loop wer werom te jaan.

Sa'n 200 bunder is al yn hannen fan de kommisje. Doel is in meanderjende Linde mei dêrom hinne natoer, rekreaasje en lânbou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)