Linde College wint NK Young Solar

28 jun 2015 - 10:29
  • (argyf)

It Linde College út Wolvegea hat sneon it Nederlânsk Kampioenskip Young Solar wûn. Yn de finale naam de skoalle it op tsjin de sinneboaten fan it Bogerman College út Snits. Mei elkoar diene acht teams mei oan it NK Young Solar. Under oare ek it Nassaucollege út Assen en in skoalmienskip fan Bonaire.

It NK bestie út twa ûnderdielen. Earst moasten de sinneboaten in oere lang in trajekt ôflizze. It Linde College lei dêrby de langste ôfstân ôf en wûn. Dêrnei waarden de sprintwedstriden holden. It Bogerman wie it rapst.

Yn de lêste sprintwedstryd wist it Linde College it NK Young Solar op syn namme te skriuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)