Linde College lilk op NOS

05 des 2012 - 11:29

It Linde College yn Wolvegea is lilk op it NOS-sjoernaal. It sjoernaal brûkte ôfrûne sneon bylden fan de skoalle by in nijsberjocht oer de misstannen by de ûnderwiisgroep Amarintis. It gie om argyfbylden. Dy wiene yn maaie makke, by in hiel oar ûnderwerp. It bestjoer fan it Linde College hat fuort kontakt opnaam mei de NOS, om't de skoalle op gjin inkelde wize yn ferbân brocht wurde wol mei de problemen fan Amarantis. De skoalle hat driuwend frege om de bylden net wer te brûken, mar dat barde ôfrûne moandei wol wer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)