Linda de Mol wol mear likes foar 'kofferguys'

20 mrt 2016 - 21:41

Presintatrise Linda de Mol sjocht it wol sitten om de kofferkes yn Miljoenenjacht in kear troch 26 knappe manlju iepenje te litten. Mar se wol dêrfoar wol 260.000 likes sjen op it Facebook-berjocht fan de Fryske blogster Johanna Kommerie fan Damwâld. De Mol sei dat sneintejûn yn de útstjoering fan it RTL-programma.

"Ik vind het ook wel een leuk idee en het moet zeker een keertje kunnen. Wel vind ik dat er een beetje weinig draagkracht voor is nu en daarom wil ik per 'kofferguy' 10.000 likes", sa sei de presintatrise.

Slagget dat, dan wurde neffens Linda de Mol yn de lêste ôflevering fan Miljoenenjacht de kofferdames ferfongen troch knappe manlju. It berjocht fan Kommerie gie ferline wike viral en hat oant no ta sa'n 70.000 likes krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)