Limburger wint NK preparearjen

13 nov 2005 - 15:22

Maurice Bouten fan Venlo is sneon yn Ljouwert Nederlânsk kampioen wurden yn it opsetten fan deade bisten. It saneamde NK preparearjen waard hâlden yn it Natuermuseum Fryslân. Der wiene mar leafst 114 modellen te beoardieljen troch de sjuery.

De Limburger Bouten wie de bêste mei in opsette bongo. Oare bisten dy't tentoansteld waarden, wiene bygelyks fûgels, fisken, muskusrotten en seehûnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)