Lilke wurknimmers jouwe 'Gouden Jiskepûde' oan Cofely

16 mrt 2016 - 21:06

De wurknimmers fan Cofely Noord lizze tongersdei it wurk del. It ynstallaasjebedriuw is net yngien op it ultimatum fan fakbûnen CNV en FNV om mei in better sosjaal plan te kommen. Dat ultimatum rûn woansdeitejûn om seis oere ôf. De fakbûnen binne it net iens mei it sosjaal plan en hawwe aksjes oankundige. De wurknimmers sille dêrom moarns om healwei njoggenen de direksjeleden fan Cofely in 'Gouden Jiskepûde' oanbiede.

Se fine dat it bedriuw de earste priis wint as it giet om it as ôffal behanneljen fan de eigen wurknimmers.

Cofely begûn ferline jier mei in reorganisaasje. Yn it Noarden ferlieze 65 minsken harren baan. De fakbûnen wienen yn ûnderhanneling oer in sosjaal plan, mar dat waard yn febrewaris ôfbrutsen. Tûkelteammen binne de hichte fan de ûntslachfergoeding en jild foar opliedingen.

"Ook al zegt Cofely dat mensen op de eerste plaats komen bij dit bedrijf, dat blijkt niet uit hun starre houding", seit Marijke Eggengoor fan FNV Metaal. "Wij vinden het jammer dat schijnbaar acties nodig zijn om tot een goede regeling voor de 65 mensen en hun gezinnen te komen. Op dit moment heeft Cofely de prijs voor de Gouden Vuilniszak echt dik verdiend. Mensen voelen zich namelijk bij het grof vuil gezet."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)