Lilke man rydt op kafee yn

22 nov 2004 - 11:28

In 32-jierrige man út Kollumersweach is sneontenacht oanhâlden foar poging ta deaslach. De dronken man woe mei syn auto ynride op in frou dy't yn de doariepening stie fan in kafé oan de Foarwei yn Kollumersweach.

De frou waard op 'e tiid warskôge, sadat de man allinne de doar en in oare parkearde auto rekke. De man woe de frou wat oandwaan omdat er lilk op har wie. Hy hie har yn de kroech tútsje wollen, mar dat wegere de frou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)