Lilke Ljouwerter skopt tsjin plysjewein

14 jun 2015 - 12:23
  • Plysjeauto

Yn 28-jierrige Ljouwerter is sneontejûn op it Kealledykje oanhâlden nei't er de auto fan in plysjeman fernield hie. De plysjeman wie ûnderweis nei syn wurk doe't er seach dat dat in man en frou spul hienen. Se rûnen midden op de dyk. Doe't de plysjeman útstappe woe, smiet de man in tas op de auto en skopte twa kear tsjin de doar. De auto rekke skansearre. De plysje warskôge syn kollega's. Dy koenen de man oanhâlde. Hy is nei it buro brocht foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)