Lilke heiten yn Beetstersweach

05 jan 2007 - 10:42

In groepke fan skieden heiten ha freed protestearre foar de doar fan it bûten Lauswolt by Beetstersweach. Yn it koethûs fan Lauswolt fiere CDA, PvdA en ChristenUnie koalysjepetearen foar in nij kabinet.

De lulke heiten protestearren oer it feit dat sy har bern net sjen meie. Op fersyk fan it hotel hat de plysje de manlju by it hotel fuorthelje litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)