Lilke fytser slacht man

02 mrt 2011 - 10:36

In automobilist (41) fan Ljouwert is tiisdei oanfallen troch in fytser. De fytser joech de automobilist gjin foarrang en fytste hast tsjin de auto fan de Ljouwerter. Doe't de man hjir in opmerking oer makke, helle de fytser in stok út syn jas en besocht dêrmei de man te slaan.

De Ljouwerter koe de slaggen keare, mar waard wol yn syn gesicht flibe. De fytser skopte noch in dûk yn de auto foar't er fuortfytste. De plysje is noch op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)