Lilke Drachtster makket amok by snackbar

22 feb 2015 - 11:28

De pIysje hat sneontenacht in 21-jierrige Drachtster oanhâlden yn syn wenplak. Plysjes seagen dat twa mannen foar in snackbar op de Súdkade oan it fjochtsjen wienen en helle it duo út elkoar. In meiwurker fan de snackbar, in 22-jierrige man fan De Rottefalle, seach dat de Drachtster bûten hiel lilk wie en ferskate kearen tsjin de gevel fan de snackbar skopte. Der ûntstie in skuor yn it rút fan de doar. Om foar te kommen dat er de snackbar yn gean soe en dêr de boel ferniele soe, wegere de meiwurker him de tagong. Dêrnei begûn de fjochterij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)