Lilke buorman lûkt mes op feest

22 jan 2001 - 17:14

By in stekpartij is dit wykein in ynwenner fan It Hearrenfean (22) ferwûne rekke. Dat barde yn de Leliestrjitte yn syn wenplak, dêr't in feestje wie.

De Feanster gie op in stuit mei in pear oaren nei bûten ta. Neffens in buorman (20) makken se te folle leven. Hy stuts de 22-jierrige in pear kear mei in meske. It slachtoffers is yn it sikehûs behannele, de dieder sit fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)