Lilke automobilist troch it lint

11 nov 2001 - 00:00

In automobilist waard sneon hiel lilk op in bestjoerster fan in lesauto en har ynstrukteur. It famke ried it Europaplein yn Ljouwert op. De auto dy't foar har ried waard net hindere.

Op it plein joech it famke per ûngelok in ljochtsinjaal. De bestjoerder stapte lilk út en begûn te skellen. Letter stoppe er wer en fernielde de lesauto en sloech de ynstrukteur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)