Lilk om 'Leaver dea as slaef'

02 nov 2012 - 15:09

D66 yn provinsjale steaten is skokt oer de aksje 'leaver dea as slaef', dêr't op de facebookside fan de provinsje nei ferwiisd wurdt. Op de side kin elk syn miening jaan oer de plannen fan it nije regear om de tolve provinsjes gear te foegjen ta fiif lânsdielen. Njonken normale reaksjes fan minsken dy't fine dat Fryslân selsstannich bliuwe moat, steane der ek gewelddiedige en haatdragende útspraken op. En der is in foto te sjen fan in frou mei in masjinegewear mei it ûnderskrift: 'as it moat, dan moat it'.

D66 fynt it ûnbegryplik dat de provinsje dy facebookside promoatet en wol der opheldering oer fan deputearre steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)