LifeLines: 70.000 dielnimmers

02 des 2011 - 14:24
  • UMCG Grins

Oan it grutte medyske ûndersyk LifeLines yn Fryslân, Grinslân en Drinte dogge no hast 70.000 minsken mei. Foar it folsleine projekt binne 165.000 dielnimmers nedich. Dat tal wurdt nei alle gedachten ein 2013 helle. LifeLines is in wittenskiplik projekt fan it UMCG, it Universitair Medisch Centrum Groningen, dat op syn minst 30 jier duorret.

It ûndersyk is yn 2006 begong. Doel is om út te finen hoe't it steld is mei de sûnens fan de ynwenners fan de trije noardlike provinsjes. De dielnimmers wurde ûndersocht op ûnder oare bloeddruk, gewicht en longfunksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)