Lifeguards snein foar it lêst

04 sep 2011 - 11:10
  • Snein binne de strânwachten foar it lêst op Fryske waadeilannen (foto: argyf)

De lifeguards fan de KNRM wurkje snein foar it lêst op de Fryske waadeilannen. Al sûnt begjin july binne der op Flylân, Skylge en Skiermûntseach strânwachten oan it wurk. Sy hâlde de strângasten yn de gaten. Alle dagen bepale se wêr't de swimmers it bêste swimme kinne.

De lifeguards hawwe allegear in oplieding folge foar dit wurk. Sy kinne by ûngelokken earste help ferliene oant de profesjonele helptsjinsten der binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)