Lifeguards op Waadeilannen

02 jul 2011 - 12:43

De KNRM set dizze simmer lifeguards yn op de Waadeilannen om de strângasten yn de gaten te hâlden. Alle dagen bepale se wêr't de swimmers it bêste swimme kinne. Dy stikken strân wurde mei read-giele flagggen oanjûn.

Op Skylge en Skiermûntseach begjinne de lifeguards sneon mei har wurk, op Flylân is dat in moanne letter. De lifeguards ha in oplieding folge foar dit wurk. Sy kinne by ûngelokken earste help ferliene oant de profesjonele helptsjinsten der binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)