Lifeguards op Skiermûntseach

30 jun 2011 - 17:15
  • It strân fan Skiermûntseach (foto: Omrop Fryslân)

Lifeguards fan de KNRM bewake fan sneon ôf it strân by peal 6 op Skiermûntseach. Fjouwer strânwachten hâlde tafersjoch. Se dogge dat yn in gebiet dat oanjûn wurdt troch flaggen yn it wetter. Se kinne ek dêrbûten yn aksje komme. Dêrfoar is in boat beskikber. De bewaking op it strân fan Skiermûntseach is gelyk oan dy fan Skylge. Dêr wie ferline jier ek KNRM-tafersjoch. De strânwachten wurkje fan 10 oere moarns oant 6 oere jûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)