Lieuwe Westra's ploech kin los

26 jan 2010 - 19:18
  • De Vacansoleilploech foar 2010 (foto: Vacansoleil)
  • Lieuwe Westra yn 2009 winner fan de Ronde fan Picardie (argyffoto)

De hurdfytsploech fan Lieuwe Westra waard tiisdei presintearre yn Wernhout. Dêr, op de grins fan Nederlân en België, waarden de 23 fytsers fan de Vacansoleilploech foar it kommende seizoen foarsteld oan de media. Lieuwe Westra, de 27-jierrige ynwenner fan Mûnein, begjint oan syn twadde seizoen as beropshurdfytser.

Hy hat der sân nije ploechmaten bykrigen. Under har de bruorren Feillu. Snein begjint foar Westra it seizoen mei de GP La Marseillaise.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)