Lieuwe Westra yn kopgroep

28 jul 2012 - 12:06
  • Lieuwe Westra

Op de weiwedstryd by de Olympyske Spelen rydt hurdfytser Lieuwe Westra op dit stuit yn in kopgroep fan alve man. De groep hat nei 80 kilometer in foarsprong fan mear as fiif minuten op it peloton. Yn de kopgroep Lieuwe Westra, Stuart O'Grady (Australië), Janez Brajkovic (Slovenië), Denis Menchov (Ruslân), Jurgen Roelandts (België), Marco Pinotti (Italië), Jonathan Castroviejo (Spanje), Fumiyuki Beppu (Japan), Alexander Kristoff (Noarwegen), Timothy Duggan (Amearika) and Michael Schar (Switserlân).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)