Lieuwe Westra wint Picardië

17 maaie 2009 - 17:45
  • Lieuwe Westra yn it giel (foto: A.S.O./J.C. Moreau)

Hurdfytser Lieuwe Westra fan Mûnein is sneintemiddei winner wurden fan de ronde fan Picardië. Yn de fjirde en lêste etappe oer 95,5 kilometer kaam de liedende posysje fan de hurdfytser út it Vacansoleil-Pro-Cycling-team net mear yn gefaar.

De etappewinst yn de fjirde rit gong nei de Frânsman Yoann Offredo. Jimmy Casper, ek út Frankryk, waard twadde en de Dútser Robert Wagner tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)