Lieuwe Westra wint kritearium

17 maaie 2006 - 11:04

Lieuwe Westra wûn tiisdeitejûn de 57ste Ronde fan It Hearrenfean. It wie foar de 23-jierrige ynwenner fan Mûnein syn earste oerwinning by de elite-hurdfytsers. Yn de masssaprint, mei in falpartij, waard Germ van der Burg fan Folsgeare twadde en Nathan Lootsma fan Ljouwert tredde.

Fan de Friezen waard Sierd Steigenga fan Eksmoarre sande, Tim Hiemstra fan Drachten achtste, Maint Berkenbosch (Aldeberkeap) njoggende en Jorrit Bergsma (Aldeboarn) tsiende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)