Lieuwe Westra wint de Parel

04 jun 2008 - 22:54
  • De lêste meters fan Lieuwe Westra

Lieuwe_Westra is woansdei winner wurden fan de ´Parel_van_de_Veluwe´. Yn ´e hurdfytsklassiker oer 175 mei de begjin- en einstreek yn Hurderwyk ried Lieuwe lang yn in kopgroep fan seis man. Dêryn siet ek Jenning_Huizenga fan Frjentsjer.

Yn de lêste kilometers kamen dêr noch trije man by. Yn de einsprint wie de hurdfytser fan Mûnein de rapste. Yvo_Kusters waard twadde, Marvin_van_der_Pluijm tredde. Jenning Huizinga kaam as sânde oer de streek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)