Lieuwe Westra út koers

13 feb 2009 - 18:00

Lieuwe Westra is yn de fjirde etappe fan de Ronde fan de Middellânske See út koers rekke. De hurdfytser fan Mûnein, dy't yn dizze ronde syn profdebút makke, siet yn de kopgroep mei in romme foarsprong op it peloton. Ynienen gong it mis, Westra knalde op in ferkearsboerd. Mei in opsette earmtakke koe er net fierder fytse.

Lieuwe Westra komt earst nei hûs en begjint op 18 febrewaris oan de Ronde fan de Algarve yn Portugal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)