Lieuwe Westra: topprestaasje

25 maaie 2008 - 22:56
  • Lieuwe Westra yn ´e midden njonken winner Lars Boom

Lieuwe_Westra kin weromsjen op in poerbêste Olympia´s Tour. Snein yn de njoggende en lêste etappe - de keninginnerit oer 193 kilometer troch Súd-Limburch - koe de hurdfytser fan Mûnein de lieder yn it klassemint net mear ynhelje. Winner Lars_Boom hie nei 1438 kilometer, de lingte fan dizze folsleine 56e Tour, 44 sekonden foarsprong op Westra.

Lieuwe_Westra hopet dat hy him sa goed sjen litten hat, dat de oerstap nei de beropshurdfytsers no gau komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)