Lieuwe Westra tefreden thús

12 mrt 2012 - 15:39

Lieuwe Westra is wer thús op De Tynje. De hurdfytser liet him de ôfrûne wike geweldich sjen yn de rittekoers Parys-Nice. Op it heechste nivo yn hurdfytslân die bliken dat Westra wer in grutte stap makke hat. Hy heart der no hielendal by.

It kommende wykein rydt Lieuwe Westra twa koersen yn Frankryk. Ien dêrfan, de Classic Loire-Atlantique, wûn er ferline jier. Dêrnei komt it folgjende pykmomint mei de trije dagen fan De Panne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)