Lieuwe Westra suksesfol fytser

22 maaie 2009 - 14:01
  • Lieuwe Westra fytst wer mei nocht

By de jeugd wûn er al in soad prizen en waard er sjoen as in grut talint. Mar hy krige syn nocht fan hurdfytsen en waard strjitmakker. It giet hjir oer de 26-jierrige Lieuwe Westra út Mûnein.

Yntusken sit Liuwe Westra wer op 'e fyts en is er dit seizoen profhurdfytser wurden by de Vacansoleilploech. Mei súkses. Ofrûne wykein wûn er de Rûnde fan Picardië, in belangrike Frânske hurdfytskoers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)