Lieuwe Westra start net yn de Waalse Pijl

22 apr 2015 - 11:48
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra docht woansdei net mei oan de klassiker Waalse Pijl. Westra hat koarts en maachproblemen. Sels twitterde Westra earder al dat hy lêst hie fan pineholle.

Syn sykte falt yn in rige fan tsjinslaggen foar Westra. In wike lyn moast hy nei in falpartij opjaan yn Parijs-Roubaix. Snein gie it mis yn de Amstel Gold Race, doe't Westra opnij ûnderút gie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)