Lieuwe Westra stapt ôf yn Amstel Gold Race

19 apr 2015 - 16:14
  • Lieuwe Westra

Lieuwe Westra is snein ôfstapt yn de Amstel Gold Race. Op 90 kilometer foar de finish koe de hurdfytser fan De Tynje net mear fierder. Nei't er fallen wie, hie er de knibbel iepen. Foarich wykein wie de fytser fan Astana ek al fallen by Parijs-Roubaix.

De winst yn de fyftichste edysje fan de Amstel Gold Race gong nei Michal Kwiatkowski út Poalen. It twadde plak wie foar Valverde, folge troch Matthews. Bauke Mollema fan Ljouwert kaam net fierder as in 55e plek op 52 tellen fan winner Kwiatkowski.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)