Lieuwe Westra stapt ôf

13 mrt 2011 - 18:54

Hurdfytser Lieuwe Westra hat snein de lêste etappe yn Parys-Nice net útriden. De ynwenner fan De Tynje krige bot lêst fan de kjeld en stapte healwei yn de bus. Westra stie der foar snein noch goed foar. Mar in fal yn in ôfdaling sneon, doe't hy yn de oanfal wie, bruts syn moraal.

Dochs kin Westra tefreden werom sjen op syn earste Parys-Nice. Yn de tiidrit waard hy freed knap sechde. En hy stie oant sneon twadde yn it berchklassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)