Lieuwe Westra rydt WK tiidrit

26 jul 2011 - 15:10
  • Lieuwe Westra yn de Tour de France

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is troch bûnscoach Leo van Vliet selekteerre foar it WK tiidriden yn Kopenhagen. De bûnscoach hat him sa betiid oanwiisd, sadat er him optimaal tariede kin.

Lieuwe Westra hat dit seizoen in pear goede tiidritten fytst. Sa waard er ôfrûne sneon 18e yn de Tour de France. Earder waard er 2e yn de tiidritten fan de Ronde fan Algarve en de Driedaagse van De Panne. De tiidrit op it WK giet oer goed 46 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)