Lieuwe Westra rydt dit jier de Tour de France net

21 jan 2016 - 13:04

Hurdfytser Lieuwe Westra fan 'e Tynje docht dit jier net mei oan de Tour de France. De koereur fan Astana jout dit jier de foarkar oan de Ronde fan Spanje, dy't fan 20 augustus oant 11 septimber hâlden wurde sil. Westra wol dêr foar eigen kâns ride.

De ôfrûne twa seizoenen die Lieuwe Westra wol mei oan de Tour de France. Yn 2014 wie er ien fan de belangrykste helpers fan kopman Vicenzo Nibali, dy't de Tour de France wûn. Ferline jier wie in minder jier foar de Fries dy't yn Monako wennet.

Lieuwe Westra rydt op dit stuit yn de Tour Down Under yn Australië. Dêryn kaam er woansdei swier te fallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)