Lieuwe Westra op poadium

18 mrt 2007 - 10:25

Lieuwe Westra waard sneon tredde yn de klassiker fan de 'Haarlemmerliede & Spaarnwoude'. De hurdfytser fan Mûnein siet yn in kopgroep fan fjouwer man.Yn de finale ried Jasper Lenferink by de oaren wei. Nei krapoan 160 kilometer kaam Lenferink solo oer de einstreek Ger Soepenberg twadde, dêrnei kaam Westra en Marco Bos waard fjirde.

It is al foar de tredde kear dit seizoen dat Westra him goed sjen lit.Ferline wike waard hy noch twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)