Lieuwe Westra op dreef

30 mrt 2010 - 16:44
  • Lieuwe Westra

Lieuwe Westra is yn de earste etappe fan de Driedaagse De Panne sechsde wurden. Yn de etappe fan Middelkerke nei Oudenaarde oer 198 kilometer waard it peloton yn stikken riden. Yn de finale bleaune sân fytsers oer. Yn de einsprint kaam Westra tekoart.

Troch bonifikaasjesekonden ûnderweis siet Westra fjirde yn it klassemint. Woansdei is der in etappe oer 214 km. Tongersdei in koarte etappe en dêrnei in tiidrit oer hast 15 km. Westra wie ferline jier twadde yn dy tiidrit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)