Lieuwe Westra: NK en Tour

03 maaie 2011 - 17:46
  • Lieuwe Westra

Lieuwe Westra is in pear dagen thús nei in bêste Ronde fan Romandië. Dêrfoar hie er him ek al goed sjen litten yn de trijedaachse fan De Panne en in koers yn Frankryk wûn.

De hurdfytser fan De Tynje kin him no tariede op de Ronde fan Picardië en de Ronde fan België. Foar de 28-jierrige hurdfytser moat dêrnei it hichtepunt komme: it Nederlânsk kampioenskip tiidriden en de Ronde fan Frankryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)