Lieuwe Westra net yn de Tour

30 mrt 2010 - 11:07
  • Gjin wildcard foar Lieuwe Westra

Lieuwe Westra makket dit jier net syn debút yn de Tour de France. Syn ploech Vacansoleil krijt gjin wild card fan de A.S.O., de organisator fan de Tour. Ek dy oare Nederlânske ploech, Skil-Shimano sil net oan de start stean yn Rotterdam. De wild-cards giene nei seis oare ploegen, wêrûnder RadioShack fan Lance Armstrong.

Westra en syn ploech Vacansoleil lieten har ferline seizoen goed sjen yn ûnder oare de Vuelta en hiene dêrom hoop op in tagongsbewiis foar de Tour.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)