Lieuwe Westra nei de Tour

06 jan 2011 - 10:56
  • Lieuwe Westra yn aksje

De ploech Vacansoleil fan hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje mei meidwaan oan de Tour de France. De organisator fan dy ronde hat ôfspraken dêroer no definityf op papier set. It betsjut dat Vacansoleil oan alle trije grutte ronden meidwaan kin.

As Westra selektearre wurdt foar de Tour soe in dream útkommen. Earder die hy al mei yn de Vuelta, de Ronde fan Spanje. De kommende maitiid sil hy him bewize moatte om sa in plak yn de tourploech te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)