Lieuwe Westra mei net fytse

07 okt 2014 - 19:31
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra docht dit wykein net mei oan de Ronde fan Emilia en de GP Bruno Beghelli. Syn ploech Astana hat besletten om fan freed ôf, acht dagen gjin koersen te riden. Dat hat te krijen mei in pear dopingsaken. De Kazakske bruorren Valentin en Maksim Iglinski binne koartlyn betrape op it brûken fan doping. Neffens de regels fan de MPCC mei in team 8 dagen net meidwaan oan wedstriden as binnen in jier meardere dopinggefallen yn it team binne. Westra fynt it spitich dat er net meidwaan kin, mar begrypt it beslút fan it team.

Op syn webside skriuwt Lieuwe Westra dat hy it spitich fynt fan de dopinggefallen, mar dat hy derfan oertsjûge is dat de saken op himsels steane en dat de ploech der neat mei te krijen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)