Lieuwe Westra koerst nei titel

10 mrt 2012 - 17:51
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra stiet nei de sânde etappe fan Parys-Nice noch hieltyd op it twadde plak op 6 tellen fan lieder Bradley Wiggins. Westra kaam sneontemiddei binnen yn it peloton. De etappe oer goed 219 kilometer waard wûn troch de Belch Thomas De Gendt, in ploechmaat fan Westra.

Snein sil de beslissing falle yn de ôfslutende klimtiidrit fan 9,6 kilometer op de Col d’Eze. Dan sil Westra besykje syn efterstân op Wiggins goed te meitsjen en kin er de opfolger wurde fan Micheal Boogerd. Dy wûn Parys-Nice yn 1999 as lêste Nederlanner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)